Koppen mei spikers is it jubileumstik fan kabaretgroep Griene Sjippe dat dit jier syn 25e jierdei fiert. Om’t toanielselskip Teater Snits takom jier ek jierdei is – it bestiet dan leafst 175 jier -, hat it Griene Sjippe útnûge om harren jierdeis tegearre te fieren. Feest dus. Dûbeld feest.
Moarnsier en betiid stowe se ús foarby, yn harren buskes. Links of rjochts ynhelje makket harren neat út.....Bakje kofje op it dashboard,peukje yn e’ mûlshoeke en it holtsje noch heal yn’e sûs hingjend tsjin it autorút op wei nei harren lokaasje.Stoere hurd wurkjende mannen.Mannen mei ien doel: Bouwe,ús Boufakkers! Altyd warber,wy kinne der net sûnder. Op de bou of by in oerenien oan it wurk, mar thús........
By winterwaar,rein of hurde wyn it makket harren ek neat út.Heech op de steigers steane se dan te wrotten.By simmer waar it boarst bleat en stoer eachjend nei de froulju, mei de boar yn’e oanslach en radio Nl op de eftergrûn.Fol mei humor en grappen. Freeds of troch wike oan in bakt fiskje of kafetaria food. Dat binne de boufakkers!